Verslag: VCR VR1 weet thuis te winnen tegen het onbekende ODV VR1.

IMG_6518

Sneon stie de thúswedstriid tsjin ODV VR1 op it programma. In, op papier lykjende, gelykwaardige tsjinstander mei ferlykbere resultaten. Op insta hiene wy sjoen dat in oantal froulju fan ODV de jûn er foar noch oan’e shots sieten, wer’t wy goeie hoop fan krigen. Gelokkich seagen se er allegear topfit út 🍻😎. Mei 15 froulju (of hokkelingen saot Hoeke sei) stien we paraat yn’e kleedkamer foar de besprekking fan Hoeke. Hjir hiene we ek leaver bliun, want it wie stienkâld🥶. We haw leert fan foarige wike en sille probearje om net wer te hurd fan stapel te rinnen. We krije earste helte meardere kânsen, ûnderoare fanút de korners fan Anke en Neeltsje en de strakke lange ballen fanút it midden op Louise. Neeltsje makket noch in goal út in ien op ien oanfal, mar helaas waar dizze ôfkarre. We gean mei in 0-0 de kleedkeamer yn. ☕️🫖

 

 

 

 

Twadde helte begjinne begjinne we sterk, mar ODV sit er ek goed yn. Gelokkich stjit Anna Marrit in poer bêste wedstriid te keepen wêrtroch ODV de bal er net yn krijt! Nei 25 minuten komt Anke ien op ien mei de keeper wer by de bal en Anke oer de keeper gean en Anke de bal yn’t net sjit! 🥅 Hjir krijt ODV ek wer krêft fan. Sy begjinne ien op ien te fuotbaljen wêrtroch wy rommelich wurde. Dit wiene tsien lange minuten oerlibje… Gelokkich makket Anna Froukje fiif minuten foar it einsinjaal de 2-0 út in geweldiche frije trap 🔥. Wy hâlde de trije punten op de Vonder! Wer’t de Froulju gruttendiels nei de Manlju gien, hat ODV noch in pear drankjes en hapkes naam yn’e kantine. 🍟

 

 

 

 

Nije wike binne wy frij. Dochs sille wy te finen wêze op’e Vonder om ús mannen te supporten tsjin de koprinner. 🧡🖤 21 novimber spylje wy wer op’e Vonder tsjin it (foar ús) onbekende RWF.  Oant dan! 🫶🏼

  • @defroulju

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Delen

Website sponsor:
LIMBO International: WordPress specialisten uit hartje Friesland.